Nieuwsberichten

It Doarp Grou op titel koers

Topfavoryt Grou hat kampioenskip hast binnen mei fjirde dei-oerwinning

It skûtsje fan Grou hat tiisdeitemiddei de ynhelwedstriid by Wâldsein wûn. Skipper Douwe Visser behelle dêrmei syn fjirde dei-oerwinning en stiet dêrmei noch steviger oan kop yn it klassemint.

De ynhelwedstriid waard ynpland nei’t de wedstriid op De Feanhoop ferline wike net trochgean koe. De organisaasje keas tiisdeitemoarn foar in op-en-delbaan.

In soad konsternaasje

De race begûn, sa as wol faker, mei in falske start. Net folslein diskear, allinnich De Lemmer en Snits wienen neffens it startskip te betiid fuort en moasten dus noch ris oer de startstreek.

Drachten hie in goeie start en kaam as earste om de earste tonne. Topfavoryt Grou wie ek wer goed út de startblokken en kaam as twadde, Huzum lei as tredde skûtsje. Dêrmei hie Grou direkt in grutte foarsprong op harren konkurrinten De Lemmer en Hearrenfean, dy’t bûten de top tsien leinen.

De Lemmer hie yntusken lykwols harren protestflagge omheech, om’t se mienden hielendal net falsk start te wêzen. Dat protest waard honorearre en de wedstriid waard ôfsketten. De Lemmer einige de race nei de werstart as achtste.

Werstart

Drachten begûn mei in hiele minne werstart, it skûtsje wie hast in heale minút te let by de startline. Wylst dy de start dêrfoar noch hiel goed gie.

Akkrum hie just in grut foardiel dat de race opnij start waard. Dat skûtsje kaam as earste by de earste tonne. d’Heale moanne, Earnewâld, Grou en Langwar foarmen fierder de foarhoede. It Hearrenfean naam net goeie karren en kaam min út it earste krúsrak. De gong wie derút en it gat mei de oare skûtsjes wie grut.

Mar dat duorre net lang. Sy sylden in hiel bêst foar-de-wynsrak en kamen wer better yn de wedstriid. Fan in plak stiif achteroan, kaam de nûmer trije yn it klassemint as fyfde oer de finishline.

Skieding yn wedstriid

By de bakboardtonne kaam der in dúdlike skieding yn de wedstriid. Earnewâld fear as earste om de tonne en Grou folge. Dêrnei besochten d’Heale Moanne en Akkrum tegearre om de tonne te silen wêrtroch de skûtsjes inoar hast rekken. Gjin protestflagen kamen omheech, mar it hat beide skûtsjes wis tiid koste.

Ek Ljouwert en en Langwar namen goede plakken yn. De ferskillen mei de rest fan de skûtsjes waard grutter.

bron: www.omropfryslan.nl

Grou makke har favoriterol wer wier. As earste gie it skûtsje fan Douwe Visser om de boppeste tonne hinne. Earnewâld fan Sieberen van Terwisga folge lyk dêrnei. De twa skûtsjes makken it gat mei de nûmer trije Akkrum en nûmer fjouwer d’Heale Moanne grutter. It skûtsje fan Huzum kaam as 14e om de boppeste tonne.

Oanfal Ljouwert

Nei de boppeste tonne skoden de nûmers trije oant en mei seis yn inoar. Grou en Earnewâld liken in gat te hâlden op de oaren. Mar it skûtsje fan Ljouwert kaam ferrassend werom. De bemanning fan Willem Zwaga pleatste in oanfal en sylde sels nei it twadde plak.

Grou sloech yn it twadde diel fan de wedstriid in tige grut gat.

Oanfaring Langwar en Earnewâld

In pear plakjes dêrachter bleaun it ek spannend, hielendal doe Langwar en Earnewâld by de tonne tsjin inoar oan fearen. In krachtterm folge fan ien fan de skippen, mar gjin protestflagen. Langwar seach syn flater, gie opnij rûn de tonne en bedarre op it tolfde plak.

Yn de slotfaze fan de race joech Grou harren foarsprong net mear út hannen. Ljouwert kaam as twadde oer de streek en d’Heale Moanne waard tredde.

“Ik kin der ek neat oan dwaan”, sei winner Visser nei ôfrin hast ferûntskuldigjend. “Twa kear starte wie wol leuk eins”, sei er dêrnei oer de werstart. “Mar it hat net holpen foar De Lemmer, leau ik.”

Klassemint

Grou stiet stevich boppe-oan yn it klassemint mei 8,6 punten. Troch de mindere klassearingen fan De Lemmer en It Hearrenfean kin Grou yn de folgjende wedstriid it kampioenskip pakke.

It Hearrenfean stiet mei 21,9 punten op it twadde plak. De Lemmer folget mei 24,8 punten op plak trije.

De deiútslach en it klassemint: